Lútsen Bakker op ‘e nij winner Grut Frysk Diktee
De tekst fan it diktee wie skreaun troch sjongeres Iris Kroes en gie oer it tritigersdilemma, de twivels en fragen oer wat je berikt hawwe as je tritich jier wurden binne. Iris sparre de dielnimmers net: de tekst wie pittich mei wurden as koskitengrien, ljuensk, trewes, dêr’t se de tosken mar op stikken bite koene. Ek hoe’t ‘boeddha’s’ skreaun wurde moast, soarge foar kopsoargen.
Jury
De sjuery bestie út dosinte Fries Rianne Blokzijl, Eelke Goodijk (Cedin), Mirjam Vellinga (Afûk) en Hindrik Sijens (Fryske Akademy, foarsitter).
Weromsjen
It diktee is werom te sjen by Omrop Fryslân.