Screenshot vlog ‘De Fûgelhelling’

MBU’ers slute kardiel Frysk ôf mei Fryske flochs

Leare & ûnderwiis Op it wurk
11 july 2022
Mbû-studinten dy’t it kardiel Frysk folgje, moatte allegearre wurkje oan in praktykopdracht. Guon fan de studinten by Aeres hawwe yn dat kader flochs makke oer harren berop en staazjeplak en dêrmei it kardiel mei sukses ôfsletten. Underdiel fan de opdracht wie dat yn de flochs bepaalde opfallende wurden út de sektor útlein wurde moasten. Foar it meitsjen fan de flochs krigen de studinten help fan de Fryske Vlogger, Eduard Rekker.

Eftergrûn
Foar it kardiel Frysk wurkje guon studinten by Aeres, ROC Friesland College en ûnderwilens ek ROC Friese Poort, oan projektplannen dy’t keppele binne oan harren eigen BPV (staazjeplakken). Hjirby meitsje sy ynsichtlik wat de mearwearde wêze kin foar it Frysk binnen harren berop, hoe’t sy dêr foarm oan jaan kinne ensfh. Ien en oar moat ferwurke wurde ta in realistysk projektplan, ynklusyf marktûndersyk, begrutting en planning. Dat ‘papieren’ projektplan jout, as it goed útfierd is, tagong ta de eksamens foar it kardiel Frysk yn de beropspraktyk, mar makket it ek mooglik om dêr útfiering oan te jaan as (ein)eksamenopdracht binnen de beropsoplieding. Sa wiene der earder bygelyks studinten fan CIOS dy’t Fryske sportdagen organisearre hawwe foar basisskoallen, studinten yn de hoareka dy’t wurkje mei Fryske menukaarten ensfh.

Fryske flochs
Studinten fan Aeres keazen derfoar om in floch te meitsjen fan harren BPV-(staazje)plak. By de earste edysjes kaam Eduard Rekker, ek bekend as de Fryske Vlogger, oer de flier om it ferhaal yn byld te bringen en te montearjen. De tarieding diene de studinten sels: wat wolst sjen litte/yn byld bringe, wat is it ferhaal datst fertelle wolst en wat binne dan wichtige beropsbegrippen dêr’t omtinken foar komme moat.

Fokke Jagersma, projektkoördinator by de Afûk: “It moaie fan dizze opdracht is dêrnjonken dat de studinten op dizze wize aktyf wurkje oan harren presintaasjefeardigens, wat net foar de hân leit foar dizze opliedings, én dat se inoars wurk ek yn byld krije. Sterker noch: foar Aeres binne de fideo’s sels yn te setten as promoasje foar de oplieding en lit it in grut ferskaat oan mooglikheden fan de skoalle sjen.”

Sukses
Dat de wurkwize suksesfol is, docht bliken út it grutte tal oanmeldings foar takom jier. Fokke Jagersma: “Der binne no al 51 oanmeldings wylst der eins rekken holden wie mei maksimaal 28 studinten …’

De resultaten kinne besjen leie! Besjoch se hjir:
Aeres MBO – MBO stage in de melkveehouderij stage, MBU staazje yn de molkfeehâlderij, vlog 1 – YouTube
Aeres MBO – MBO stage bij de Fûgelhelling, MBU staazje by “de Fûgelhelling”.vlog 2 – YouTube
Aeres MBO – MBO-stage tussen de Friese paarden, MBU-staazje tusken de Fryske hynders, vlog 3 – YouTube
Aeres MBO – MBO Vakexperts over de veehouderij | MBU Fak-eksperts oer Feehâlderij, vlog 4 – YouTube
Aeres MBO – MBO studenten hovenier op Floriade | MBU studinten hofker op Floriade, vlog 5 – YouTube