Byld: ANP

Mear eksamenkandidaten foar it fak Frysk

Leare & ûnderwiis
27 juny 2022
Der wiene fan't jier 156 eineksamenkandidaten Frysk. Dat klinkt miskien as in beskieden oantal, dochs is der sprake fan in opfallende groei yn it tal learlingen dat eineksamen Frysk docht. Ta fergelyk: seis jier lyn wienen it der noch 110 en yn 2019 en 2020 dienen respektyflik 146 en 145 learlingen it eksamen Frysk.

Op it vmbo ha dit jier 66 learlingen it eineksamen Frysk makke. Op de havo wienen it der 55 en op it vwo 35. De kampanje ‘Dêrom Frysk‘ liket fertuten te dwaan.

Lês ek it berjocht op Omrop Fryslân en lc.nl.