Foto: provinsje Fryslân

Meldpunt Fryske taal iepen fan 11 maaie 2020 ôf

Oer it Frysk
11 maaie 2020
Ynwenners fan Fryslân kinne fan 11 maaie ôf foar alle fragen en meldingen oer it gebrûk fan de Fryske taal terjochte by it Meldpunt Fryske taal. Dat kin gean oer fragen oer Frysk yn it  ûnderwiis of bygelyks it gebrûk fan de Fryske taal by de gemeente. Foar 450.000 ynwenners fan de provinsje is it gebrûk fan de Fryske taal frij fanselssprekkend. Dochs binne de rjochten en plichten oangeande de Fryske taal net altyd dúdlik. Mei it meldpunt Fryske taal moat dat foarby wêze.

It meldpunt jout de provinsje wichtige ynformaasje oer wat der spilet oangeande de Fryske taal. Dy ynformaasje kin de provinsje brûke foar it ferbetterjen fan it eigen taalbelied. Deputearre Sietske Poepjes is dêrom wiis mei it nije loket: “Ik fyn it wichtich dat minsken harren ûnderfining mei de Fryske taal kwyt kinne as se dat wolle. Want allinne dan kinne wy der ek wat oan dwaan as saken net goed gean. As deputearre foar it Frysk set ik my derfoar yn dat it Frysk brûkt wurde kin.”

Ûndersyk
Guon meldingen binne mei it jaan fan ynformaasje ienfâldich en daliks troch de provinsje te beäntwurdzjen. Oare meldingen freegje mear tiid. As der oare oerheden of bedriuwen by de melding behelle binne, siket de provinsje kontakt mei de oanbelangjenden om de melding te beäntwurdzjen. Guon meldingen freegje faaks om mear ûndersyk. De provinsje fiert dat út en jout dêrnei in antwurd oan de melder. De provinsje makket alle jierren in ferslach fan alle meldingen dy’t by it meldpunt ynkommen binne.

Taalskipper
Mei it ynstellen fan in Meldpunt Fryske taal jout de provinsje ynfolling oan in ôfspraak út de Bestjoersoerienkomst Fryske Taal en Kultuer (BFTK). De provinsje is de Taalskipper: de hoeder fan de Fryske taal en dêrmei ferantwurdlik foar it neilibjen fan de Wet Gebrûk Fryske Taal (WGFT), ûnderwiiswetjouwing foar de Fryske taal en de ôfspraken út de BFTK. Yn 2022 wurdt it Meldpunt Fryske taal evaluearre.

058 – 292 5005
It meldpunt is fan 11 maaie ôf alle wurkdagen berikber tusken 8.30 en 17.00 oere fia 058 292 5005. In melding mei ek anonym dien wurde. Der sil dan gjin reaksje troch de provinsje stjoerd wurde. Mar de melding wurdt wol foar kundskip registrearre. Neist telefoanysk, kin der ek fia in digitaal formulier op de provinsjale webside in melding dien wurde.

Mear ynformaasje? Sjoch op Meldpunt Fryske Taal | Fryslan.