Gebrûk memmetaal yn Waadhoeke benammen yn ynformele situaasjes

Oer it Frysk
6 july 2020
Ut in ûndersyk fan studinten fan NHL-Stenden yn opdracht fan de gemeente Waadhoeke, docht bliken dat de ynwenners fan dy gemeente harren eigen memmetaal benammen yn de ynformele sfear brûke.

Sagau’t de omjouwing formeler wurdt, lykas by de dokter of by in ynstânsje, skeakelje minsken oer op it Nederlânsk. Se skeakelje ek dêrneist ek gau oer as de petearpartner in oare taal praat; út fatsoen of om’t se tinke dat dan de kommunikaasje dan better ferrint. Dat flugge oerskeakeljen is perfoarst net nedich en dêrom wol de gemeente der wat dwaan.

De Afûk hat al kontakt mei de gemeente Waadhoeke oer dit fenomeen en wol de wurksjops Psychology fan Taal ek oanbiede yn de gemeente.

Mear hjiroer yn de Leeuwarder Courant.