Mylpeal foar Omrop Fryslân: 1 miljard views foar Fryske gifkes
Lars Hoekstra is de makker fan de gifkes. “Ien miljard views, dat ‘koe minder’. It is mear as oare regionale omroppen en wat minder as guon lanlike omroppen, mar dy binne ek wat grutter fansels.” Yntusken stiet de teller op goed 1 miljard en dat is in hiel soad, hielendal ast witst dat Fryslân sa’n 650.000 ynwenners hat. In oersjoch mei de views per omrop is hjir te finen.
Haadredakteur Ingrid Spijkers fynt it belangryk dat alle ferskate doelgroepen goed betsjinne wurde. “We ha hjir in klup mei minsken dy’t hjir in goed gefoel foar ha. Dêrmei berikke we in hiel soad jongeren dy’t oars miskien minder gau by Omrop Fryslân komme soenen.”
Wat is in gifke?
Gifkes binne al hiel âld, it bestânsformaat komt út 1987 en stiet foar “Graphics Interchange Format”. In gifke soest sjen kinne as in filmke sûnder audio of in bewegend plaatsje. Gifkes binne de ôfrûne jierren bot populêr wurden. Neist in groei yn it brûken fan emoji’s, wurde ek gifkes mear brûkt. Der binne no sa’n 1.200 Fryske gifkes fan Omrop Fryslân online te finen fia GIPHY.