“Nearnewâld” foar alle eksamenstudinten Frysk!
It boek biedt in prachtich priuwke fan wat de leden fan it Boun kinne, in stalekaart fan de aktuele Fryske literatuer. Krekt wat foar de jongerein dy’t aardichheid hat oan it Frysk en ek doart te kiezen foar it Frysk as fak!
It Boun hat by útjouwerij Elikser 200 boeken by printsje litten. De boeken wurde oanbean op de dei dat de Fryske eksamens ôfnommen wurde, op 31 maaie en 1 juny. It earste eksimplaar wurdt oanbean by Skoallemienskip Liudger yn Burgum, op 31 maaie om + 10.30 oere, op it adres Bulthuissingel 7, oan de earste learling dy’t klear is mei har of syn eksamen. (Bulthuissingel 17 is net it adres fan Liudger, mar fan ‘de Stryp’, dat is it sealesintrum by PKN-tsjerke ‘de Ikker’.)
Wêrom dêr yn Burgum de earste útrikking? Liudger hat de measte learlingen mei Frysk yn har pakket, wol 54! Dat komt wierskynlik omdat by Liudger ek de klassen 2 en 3 standert Frysk oanbean krije. It Frysk bliuwt sa foar de measte learlingen in fertroud fak, mei likefolle status as oare fakken, en dan is it ‘normaler’ om dat as eineksamenfak te kiezen.
Mar ek yn Boalsert, Ljouwert, Drachten, Surhústerfean, Frjentsjer, Snits, Koudum en Dokkum kieze learlingen foar Frysk!* Ek op dy skoallen krije dy beide dagen de learlingen mei Frysk har fergeze boek.
Mear ynfo: www.skriuwersboun.nl en www.elikser.nl.
De measte kosten dy’t ferbûn binne oan “Nearnewâld” wurde droegen troch it Skriuwersboun sels. De útjefte fan it boek waard yn 2019 subsidiearre troch de provinsje Fryslân. Dizze twadde printinge wurdt mei mooglik makke troch in bydrage fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).
* Marne College, Stedelijk Gymnasium Ljouwert, !Impulse Ljouwert, Ljouwerter Lyseum, Drachtster Lyseum, Singelland, Csg Anna Maria van Schuurman, Csg Bogerman, Dockinga.