Nei Ierlân mei WikiWomen-projekt
It WikiWomen-projekt is in gearwurking tusken Fryslân, Ierlân en Baskelân, om mear froulju op de ferskillende Wikipedia’s te krijen. Learlingen fan vwo5 fan it Drachtster Lyseum hawwe wurke oan nije biografyen oer Fryske froulju. Dizze wike fûn yn Monaghan, Ierlân, de WikiThon plak, de útwikseling tusken learlingen en dosinten út alle trije taalgebieten.
It projekt waard troch de pilotskoallen útfierd op Searje 36, dé digitale metoade foar it fak Frysk op skoalle. De úteinlike biografyen komme ek echt op Wikipedy te stean. Foar it skriuwen fan in biografy sochten de learlingen in Fryske frou út, dêr’t op syn minst trije boarnen oer te finen binne, om dêr in Wikipedy-side oer te meitsjen. De seis biografyen dy’t makke binne, geane oer Hetty Janssen, Michelle Samba, Catharina Rebecca Woesthoven, Marijn Kuipers, Betty Jansma en Hanneke Frankema.
Dat foarwurk is meinommen nei Ierlân ta, om mei leeftiidsgenoaten út Baskelân en Ierlân út te wikseljen wat se leard hawwe, wat der dreech wie oan it dwaan fan research nei harren froulju en te hearren wa’t de oaren útsocht hawwe. Sa leare se net allinnich oer wichtige froulju út oare gebieten wei, mar ek oer de minderheidstalen fan de oar. Dat resultearret yn in bulte oan nije biografyen yn trije regionale talen.
Njonken it hurde wurkjen is der fansels romte foar craig (Iersk foar wille, gesellichheid). In besite oan in pub mei live folksmuzyk, in kuiertocht troch de town en it besjen fan in Ierske film stiene dêrfoar op it programma.
Takom jier sille learlingen fan HavoTop yn Burgum meiwurkje en op útwikseling nei Baskelân ta. Dêrnei komt it projekt beskikber foar alle brûkers fan Searje 36. WikiWomen wurdt út Fryslân wei stipe troch: Afûk, Cedin, LearningHub Friesland en Mercator (Fryske Akademy).
Inkelde reaksjes fan learlingen
Niamh en Mollie, learlingen Coláiste Oiriall: “Wy fine it hiel moai om as earste de gastskoalle te wêzen en de Friezen en Basken ûntfange te meien. It projekt is al sa’n skoft yn de maak, dat it hiel exciting is om no by inoar te wêzen. Wat wy net ferwachten, is dat de Fryske learlingen sa goed yn Ingelsk wêze soenen. Ek komt ús humor bot oerien. Wy sjogge út nei in produktive en gesellige rest fan de wike.”
Mike, learling Drachtster Lyseum: “Ik fyn it moai om mei learlingen út in oar lân te wurkjen. Skoalle is hjir, yn Ierlân, bêst strang. Se hawwe bygelyks unifoarmen en in telefoanferbod. Oan de oare kant binne se freonlik en hienen wy it fan dei 1 ôf hiel moai mei-inoar. Ik fyn it hiel weardefol om te sjen hoe’t oaren echt foar harren eigen taal stean kinne.”