Foto: Afûk

Nij boekje oer Sipke pipermûs útrikt oan keatsende Sipke’s

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid
3 july 2021
Freed 2 july is by de keatsfinale fan de hearen haadklasse by Keatsferiening ‘De Pompeblêdden’ op it Hearrenfean it twatalige Gouden Boekje: Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild presintearre. Skriuwster en berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra rikte tegearre mei topkeatser Tjisse Steenstra de earste eksimplaren út oan mar leafst fjouwer keatsende Sipke’s. Twa grutte Sipke’s (Sipke Groeneveld en Sipke Hiemstra, beide 65+) en twa lytse keatsende Sipke’s  (Sipke Piersma en Sipke Koopal, 7 en 10 jier).

Yn de searje oer de lytse pipermûs Sipke, yllustrearre troch Harmen van Straaten, binne earder ferskynd: Sipke zijn elfstedentocht / Sipke syn alvestêdetocht, Sipke vindt een kievitsei / Sipke fynt in ljipaai en Sipke gaat zeilen / Sipke sil sile. De boekjes binne te krijen by de boekhannels yn Fryslân en kostje € 8,99.

NB De keatsfinale waard trouwens wûn troch it partoer Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra.