Nij ferskynd by de Afûk

Boeken fan Fryslan Frije tiid
16 jannewaris 2020
Mar leafst trije nije titels binne ferskynd by útjouwerij Afûk. Ntrije55 is de titel fan de nije dichtbondel fan Elske Kampen. Foar de allerjongste bern is der in prachtich boek mei flapkes: Wekker wurde! En foar kleuters in boek oer famylje: It grutte famyljeboek.

Ntrije55
Elske Kampen

Gedichten nei oanlieding fan fynsten fan lyts yndrustrieel ôffal, lykas eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof dy’t de auteur fûn lâns de N355. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy’t oer it libbene giet.
Foto’s fynsten:  Linus Harms
Priis € 17,50

Wekker wurde!
Jonny Lambert

Hepke Hoanne makket elkenien wekker op de buorkerij. Kinsto him helpe alle bisten te finen? Tear de flapkes iepen en sjoch wa ‘t der tefoarskyn ‘floept’. Flapkes en ‘pop-ups’ stimulearje de ynteraksje, it ûnthâld en de ferbylding.
Leeftyd: 1-3 jier
Priis € 12,50

It grutte famyljeboek
Felicity Brooks

Hoe sjogge famyljes derút? Wêr hast famylje foar en wat dogge se? Dit binne in pear fan in hiel soad fragen dy’t beäntwurde wurde yn dit prachtige boek fol famyljes yn soarten en maten.
Leeftyd: 3+
Priis € 13,95