Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: Gozert

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
5 febrewaris 2024
Op 7 febrewaris 2024 ferskynt by Utjouwerij Afûk de Fryske oersetting fan it prachtige berneboek Gozert. Skreaun troch Pieter Koolwijk en oersetten nei it Frysk troch Rymke Zijlstra. De boekpresintaasje is op woansdei 7 febrewaris, tagelyk mei de premjêre fan de teäterfoarstelling ‘Gozert’ foar basisskoallen, spile troch Jeugdtheater Frets.

It ferhaal fan Gozert giet oer it jonkje Ties, dat mei syn ûnsichtbere freon Gozert in hiel soad aventoeren belibbet, mar dêrtroch ek geregeld yn de problemen rekket. Ties syn âlders wolle dat hy mei medikaasje ôfskied nimt fan syn selsbetochte freon. Mar Ties wol hielendal net dat Gozert út syn libben ferdwynt. Wat moat er dwaan?

Oersetting
Yn 2021 waard Gozert bekroand mei de Gouden Griffel foar it bêste berneboek. Pieter Koolwijk wennet yn Drinte, mar hat Fryske foarâlden. Om’t de teäterfoarstellingen yn Fryslân yn it Frysk opfierd wurde, ûntstie it idee om it berneboek ek oer te setten. Yn gearwurking mei Utjouwerij Afûk is Rymke Zijlstra frege om de Fryske oersetting te fersoargjen. Rymke hat mei in ferskriklik soad wille oan dizze oersetting wurke: “It ferhaal fan Gozert is prachtich en hat in belangryk boadskip. Ik bin bliid dat bern de kâns krije om dat moaie boek no ek yn it Frysk te lêzen.”

Presintaasje
Op woansdeitemoarn 7 febrewaris 2024 is om 10.00 oere de premjêre fan de foarstelling yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Tagelyk is dan ek de boekpresintaasje fan de Fryske oersetting fan it boek. Pieter Koolwijk sil dêr it earste eksimplaar fan de Fryske Gozert yn ûntfangst nimme.

Boekgegevens:
Gozert (yn it Frysk)
Auteur: Pieter Koolwijk
Yllustraasjes: Linde Faas
Oersetting: Rymke Zijlstra
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978 949 331 8243
Ferkeappriis: € 16,99
www.websjop.afuk.frl

Berneboekewikegeskink 2024
Pieter Koolwijk skriuwt dit jier ek it berneboekewikegeskink foar de lanlike Kinderboekenweek 2024. Foar de twadde kear yn de skiednis fan de Kinderboekenweek sil yn opdracht fan Boeken fan Fryslân in Fryske fariant ferskine fan dat geskink. De earste kear wie yn 2022 doe’t Waanzinnige boomhutverhalen fan de Australyske bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton oersetten waard. Pieter Koolwijk fynt it in hiele eare om it berneboekewikegeskink te skriuwen en Gozert soe dat fêst in masterlik plan fine. Rymke Zijlstra is frege om, nei Gozert, ek dat boek fan Koolwijk oer te setten nei it Frysk. Zijlstra har oersetting fan Lampje fan Annet Schaap stiet op de IBBY Honourlist fan 2024. Ek is se bekend fan de Fryske oersetting De Bruorren Liuwehert fan it wrâldferneamde Sweedske berneboek fan Astrid Lindgren.
De Kinderboekenweek (in kampanje fan de CPNB) wurdt holden fan woansdei 2 oant en mei snein 13 oktober 2024. By besteging fan op syn minst € 13,50 oan berneboeken kriget men dan it Nederlânsktalige óf Frysktalige boekewikegeskink kado fan de boekhannel.