Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: it Meslânzer Woardeboek
Skylge is dialektologysk in apart gefal. West-Skylge en de eastlike doarpen binne fanâlds Frysktalich, ek al is dat in Frysk dat flink ôfwykt fan dat fan ‘e fêste wâl. Boppedat ferskille it Westers en it Aasters ek wer faninoar. Dêrtuskenyn wurdt der yn Midslân en bybehearrende doarpen en buorskippen in taal praat dy’t heart by de Nederlânsk-Fryske mingdialekten lykas it Stedsfrysk, it Biltsk en it Amelânsk. Binnen dat gehiel hat it Meslânzers in eigen karakter. Sa wurde de begjinlûden g- en sk- op syn Nederlânsk útsprutsen.
Fierders hat it Meslânzers in grut tal eigen wurden. Dy binne yn it wurdboekpart fan sa’n 150 siden byinoar brocht. Se binne troch in yndeks ek fia it Nederlânsk op it spoar te kommen. It boek, dat yn totaal 286 siden telt, hat njonken in ynlieding ek in oersjoch fan útspraak en grammatika.
Oan it wurdboek is sûnt 2008 wurke troch Triny Martens, Gettje Pals, Nel Swart en Piet Smit, mei de stipe fan in klankboerdploech fan dialektsprekkers. In fiif jier lyn krigen sy ek help fan de doe krekt pensjonearre Siebren Dyk. De âld-meiwurker fan ‘e Fryske Akademy soarge dat de oarspronklike wurdlisten yn in wurdboekformaat oerbrocht waarden, en hy rette ek mei it grammatikale part.
Boekgegevens:
Meslânzer Woardeboek
Gearstald troch: Wurkgroep Meslânzers (Triny Martens, Gettje Pals, Piet Smit en Nel Swart)
Mei meiwurking fan: Siebren Dyk
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978 949 331 8250
Ferkeappriis: € 29,90
Utjouwer: Afûk, nûmer 1142 fan ‘e Fryske Akademy en as diel 14 yn ‘e Rige Fryske Dialektstúdzjes.
www.websjop.afuk.frl