Foto: Jacob van Essen

Nij gedicht Dichter fan Fryslân: Fat man’s tsjusternis 090845

Frije tiid
19 augustus 2019
Begjin augustus stapte Amearika út it INF-raketferdrach mei Ruslân. Dêrmei liket de doar iepenset foar in nije wapenwedrin. Net allinne de grutte weareldmachten boartsje mei fjoer, dat dogge ek lytsere lannen lykas Noard-Korea dy’t kearnwapens ta harren foldwaan hawwe. Dizze wike mislearre by de Wite See yn Ruslân in eksperimint mei in nukleêre raket, mei navenant alle gefolgen. Omwenjenden waard frege om fuort te wêzen fanwegen de radio-aktive straling.

It binne ûntjouwings yn in moanne dêr’t yn betocht wurdt dat 74 jier ferlyn de atoombom op Hiroshima en Nagasaki foel. Underdiel fan de nije wapenwedrin is de ynset fan alderhande cyberwapen. De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, skreau hjirop it gedicht ‘Fat man’s tsjusternis 090845’. De Nederlânske fertaling is fan Elske Schotanus.

FAT MAN’S TSJUSTERNIS 090845

*

Staf-oer-nacht falt middenyn it wurd
it swarte gat, de wite bliksem
en it wrede ljocht, de flok en
de sucht en de azem fan beide

by de morbide klok dy’t oer Nagasaki
de bom brocht, in lûk dat
iepenkypt, in triljen en donderjen
en, alles taspjaltend, de braak fan

it atomêre hearskip Kronos
dy’t de dei, it hert, de tonge útskuort,
in moarntiid yn augustus, stil
as hjoed de sinne oer de Potmarge.

*

Mei in geweld, hurder as it lûd sels
strûpt in ferniel libben de hûd,
floedweagen fan stof en pún en
pún en stof en de brutens fan beide

yn de hjittens fan tûzen,
net yn sinnen te sizzen sinnen,
it ûntplofte alfabet, in stêd,
fuortreage ta inkeld neat en nimmen,

mister Fat-Man’s iepenbiering, of:
it blyn fan de himel rôve fjoer,
in moarntiid yn augustus, stil lykas
hjoed de wynstreken boppe de Potmarge.

*

Kensto de nije, netsjes yn pak klaaide
reichmannen, sneins harkjend nei Bach
of, segene fan harren God, kuierjend
yn it park, tútsjes append nei frou en bern?

Meganysk en slaafsk dogge hja gewoanwei
de algoritmyske wurken, yn tsjinst fan
de hearen menearen, blaffend en
bearend, let’s drop the Big One and see

what happens, son, alles foar it heitelân!
O, sotteklok Gods, nea net fier de hân
op de atoomknop. Báts. Wat in feest.
Tsjuster de kweade kelders fan de geast.