Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid
11 juny 2020
Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, skreau  in oade oan de fakânsje yn eigen provinsje.

Fakânsje

Wy fleane net dizze simmer, wy
bliuwe ticht by it eigen hiem

Dat fielt eins hiel logys, myn âlden
foarhinne ha it net oars dien

Wy strike del yn Bakkefean
mei in âlderwets potsje bier

En witst wat – hiel nuver en
tafallich eins

Ik hie der krekt nocht
oan krigen

Harkje hjir. Fansels is der ek in Nederlânske oersetting. Sjoch foar mear gedichten en ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân op www.dichterfanfryslan.nl.