Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid
3 maaie 2023
‘Spjalt’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Lykas oars, by it ferskinen fan in nij gedicht fan de DfF, is it hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, skreau diskear in gedicht nei oanlieding fan it sluten fan kearnsintrales. Sigrid Kingma: “Yn Dútslân binne okkerdeis de lêste trije kearnsintrales sletten, in beslút dat al makke wie flak nei’t it yn Fukushima misgie. Hoe wolle wy oan stroom komme? De diskusje oer enerzjy giet automatysk oer miljeu en duorsumens, mar ek oer feiligens. Beide kanten tagelyk op sjen, lykas de Stiennen Man, falt net ta.”

Spjalt

Nee, wy binne net lulk leave
wy binne it iens
oer dy gekke Dútsers
ruilje skjinne stroom foar
smoarge problemen
yn dyn takomst

Wy binne net bang leave
net as it wetter komt
yn dyn takomst
dan kinsto al lang swimme
earst noch lekker yn bad

No binne we wurch leave
wurch fan it tinken
oer dyn takomst
al dy marren
al dy beammen
al dy dammen
dy’t der komme moatte
de enerzjy dy’t ús dat kostet

Mar lekker koese pop
moarn wer in moaie dei.

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.