Sigrid Kingma. Foto: Reyer Boxem

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid
29 maart 2023
‘Op it spoar’ hjit it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân (DfF). De oanlieding wie in tal dassefamyljes dy't harren ophâlde by it spoar. Lykas wenst by it ferskinen fan in nij gedicht fan de DfF, is it hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Sigrid Kingma: ‘It spoar by Molkwar is in skoft bûten gebrûk fanwege in dasseburcht. Op mear plakken yn Nederlân driget it spoar te fersakjen. Wy kenne de beskerme diersoart benammen út it printeboek Knipperke fan Lida Dykstra. No binne se echt, en blykber oeral.’

Op it spoar

Dassen op it spoar
Daks syn poatsjes kinne it net litte
grave, dolle, klauwe yn de berm.
‘Mear kreamkeamers,’ seit Durkje.

Ik bin dassen op it spoar
langje nei lytse Epke’s 
mei dy ûndogenske streepsnútsjes
lange fersideboartersgongen
maitiidswille, ‘tankewol heity!’

Ik bin hieltyd dassen op it spoar.
It is de kleurebril dy’t it ferbruit
want ik seach nea
in libbensechtenien.

Juster wol in hart
samar lizzend yn in fruitpluktún
it like krekt in stobbe!

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.