Foto: Afûk mei links Ineke van Petegem (CBS De Winde) en rjochts Tjitske van Dijk (Afûk)

Nij lesmateriaal foar groep 3-4 yn Spoar8

Leare & ûnderwiis
20 septimber 2019
Fan ‘e wike hat Ineke van Petegem (links) tegearre mei har kollega’s fan CBS De Winde út Hurdegaryp de earste workshop folge oer it nije lesmateriaal yn Spoar 8. It lesmateriaal, dat spesjaal foar groep 3-4 makke is, is sûnt it begjin fan it nije skoaljier beskiber! Lykas Ineke en har kollega’s krije alle skoallen dy’t in lisinsje foar it nije lesmateriaal oanfrege hawwe in set Lêsline-Letterkaarten kado. Hâld ein dizze moanne de brievebus yn de gaten!

Mei de nije Lêsline leare bern Frysk (technysk) lêzen yn groep 3-4. En der is mear! Learkrêften fine yn de Temateek fan Spoar 8 hûnderten nije Fryske ferhaaltsjes, filmkes, ferskes en wurkblêden dêr’t se maklik harren eigen Fryske lessen mei yninoar sette kinne. It ferskaat oan Taalaktiviteiten lit bern fierder yn oanrekking komme mei de Fryske taal en helpt learkrêften om tematysk en doelfêst te wurkjen. En mei de nije Ynteraktive Sykplaten leart Keimpe de Krokodil de bern hieltyd 20 Fryske wurden.

Spoar 8 is de lesmetoade foar de Fryske taal dy’t de Afûk makket foar it basisûnderwiis.