Nije, sechsde printinge fan ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin’

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid
26 augustus 2020
Lytse Ljochtbrune Hazze en Grutte Ljochtbrune Hazze hâlde in hiel soad fan elkoar. Mar hoefolle? Bern én âlden út de hiele wrâld binne mâl mei dit prachtige printeboek. Ek yn Fryslân, ek yn it Frysk. Fan de kartonnen edysje fan dizze all time favourite is dêrom dizze wike in sechsde printinge ferskynd. Mei de fiif printingen fan it 'grutte' printeboek dy't earder by útjouwerij Afûk ferskynden, makket dat in totale oplage fan sa'n 12.500 eksimplaren!

‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin’ is oarspronklik in Brits berneboek, skreaun troch Sam McBratney en yllustrearre troch Anita Jeram. Yn 1994 ferskynde it foar it earst by útjouwerij Walker Books. Yn datselde jier ferskynde ek de earste Fryske edysje by de Afûk yn in oplage fan 1000 stiks. In pear jier letter, yn 1997, kaam dêr de kartonnen edysje by. Dêrneist ferskynde ek ‘Myn poppeboek – Witst wol hoe mâl ik mei dy bin’ yn it Frysk en waard in Lytse Hazze-knuffel oan it assortimint tafoege.

Underwilens is it boek ferskynd yn 57 talen en binne der oer de hiele wrâld mear as 50 miljoen ekimsplaren fan ferkocht.

It nij ferskynde kartonboekje fan ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin’ is fansels te keap by de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert en yn de Afûkwebsjop mar ek by de oare boekhannels yn Fryslân.