Foto: provinsje Fryslân

Nijs foar it ûnderwiis: metoades Frysk no fergees oan te freegjen

Leare & ûnderwiis
8 july 2022
De digitale lêsmetoades foar it fak Frysk yn it basisûnderwiis (Spoar 8) én yn it fuortset ûnderwiis (Searje 36), binne fan no ôf fergees foar alle skoallen yn Fryslân. Oanmelde giet fia de webside fan Taalplan. Dêrnjonken binne oanfoljende materialen fan no ôf hiel maklik te finen en te bestellen fia de nije websjop websjop.taalplan.frl.

Foarhinne ûntfongen skoallen yn Fryslân stipe fan de provinsje om it skoalfak Fryske taal en kultuer sterk delsette te kinnen. Dat wie yn de foarm fan de Materiële Ynstânhâlding Frysk (MYF). Op 24 maaie 2022 hawwe Deputearre Steaten besletten om de MYF oars yn te klaaien.

Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 wurket de provinsje, tegearre mei taal- en ûnderwiisynstellingen en it ûnderwiisfjild oan in sterke posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis. Dêr heart goed lesmateriaal by, en dêrom is besletten om alle skoallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis yn Fryslân fergees tagong te jaan ta de metoades Spoar 8 en Searje 36, mar ek de dêrby oanslutende tydskriften Tsjil en LinKk. Oanmelde giet fia taalplan.frl/oanmelde. Foar besteande brûkers fan Searje 36 en/of abonnees fan LinKk giet dat automatysk.

Fansels kin der ek noch oar materiaal brûkt wurde foar Frysk op jim skoalle. Jim skoalle kin dêrta in berop dwaan op de provinsjale subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’. Mear ynformaasje oer de regeling op taalplan.frl/fryskfoarnoenletter. De regeling hâldt koartsein yn dat 80% fan de kosten foar lesmateriaal fergoede wurdt.  Al it materiaal dat dêrfoar yn oanmerking komt is te finen op websjop.taalplan.frl.