No ek Fryske meditaasjes beskikber
Meditaasje is in krêftich middel dat in soad minsken helpt om rêst en balâns te finen yn it libben. Troch it gebrek oan Frysktalich meditaasjemateriaal, hat Anna-Maria besletten om sels in oplossing te bieden.
Sa’t Heidbuurt sels seit: “Bisto in Fries? Praatsto Frysk? Tinksto yn it Frysk? Meditearje dan ek ris yn it Frysk!”
Foar elk dy’t wolris in Fryske meditaasje besykje wol: de earste fjouwer ôfleveringen steane no online op Spotify. Net allinnich foar folwoeksenen, mar ek foar bêrn. Der is bygelyks in in moarnsmeditaasje beskikber en in sliepmeditaasje foar folwoeksenen en foar bern.
Untspan mei de Fryske meditatie Podcast.