No ek omtinken foar berneboeken op Sirkwy
It is ‘wurk yn útfiering’, dat geandewei komme der mear en mear titels beskikber. By de boekprofilen is koart wat ynformaasje oer de ynhâld, mei -as dy der binne- besprekken of oare stikken. Dêrneist wurdt in link lein nei de biografy fan de skriuwer. Sa hopet Tresoar it omtinken foar de berne- en jeugdboeken te fergrutsjen. It past dan ek yn it belied om Sirkwy út te wreidzjen mei mear sjenres, om sa de Fryske literatuer yn syn hiele hear en fear sjen te litten.
Sjoch sirkwy.frl. De neamde titels binne ek te keap yn de boekhannel en de websjop fan de Afûk: Lytse Protter, Siem en Sanne sjogge Sint Piter en It deiboek.