Foto: provinsje Fryslân

Oanpaste subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân iepen

Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
20 jannewaris 2022
Wa’t in Frysktalich boek of toanielstik skriuwe wol of oan in Fryske oersetting wurkje sil kin fan 19 jannewaris ôf wer terjochte by de subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân. De regeling ferlient ek stipe oan organisatoaren fan sporteveneminten. Ek promoasje yn it bûtenlân en oersettingen nei in Fryske streektaal kinne rekkenje op subsydzje.

De regelingen oangeande Frysktalige literatuer geane woansdei 19 jannewaris iepen en binne bedoeld om it skriuwen, it oersetten en it útjaan fan oarspronklike Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen. Net alle ûnderdielen fan de regeling binne like lang iepene en ek jilde foar guon ûnderdielen ferskate tiidfakken.

Neist de subsydzje foar it skriuwen (maksimaal € 55.000, -, oanfragen oant en mei 30 septimber 2022) is ek subsydzje beskikber foar it yn it Frysk oersetten en bewurkjen fan literatuer. Dêrby is nij dat dizze subsydzje ek jildt foar oersettingen fan it Frysk nei in Fryske streektaal. Oersetters kinne op twa mominten in oanfraach yntsjinje. It earste tiidrek rint oant en mei 26 maaie 2022. It twadde tiidrek rint fan 1 septimber 2022 oant en mei 13 oktober 2022. Foar it earste tiidrek is € 15.000, – beskikber en foar it twadde € 11.000, -. De regeling foar it útjaan fan Fryske boeken is útwreide trochdat it net mear allinnich foar oarspronklike Fryske boeken beskikber is mar ek foar oersettingen nei it Frysk.

Foar de promoasje fan Frysktalige boeken is € 10.000, – frijmakke. Oars as yn foargeande jierren kin no ek subsydzje oanfrege wurde foar promoasje bûten Europa. Oanfragen foar dizze regeling binne oant en mei 30 septimber 2022 wolkom. Foar it útjaan fan Frysktalige literatuer úteinlik binne dit jier twa yntsjinnterminen fêststeld, elk mei in subsydzjeplafond fan € 65.000. Oanfragen kinne yntsjinne wurde fan 19 jannewaris 2022 oant en mei 28 april 2022 en fan 1 septimber oant en mei 13 oktober 2022.

Njonken literatuer is ek foar de sport jild beskikber. Foar eveneminten op it mêd fan de Fryske sporten (€ 60.000, -) en foar grutskalige sporteveneminten (€ 80.000, -) kinne oanfragen yntsjinne wurde fan 18 jannewaris oant en mei 28 oktober 2022.

Foar mear ynformaasje en it dwaan fan in oanfraach kinne jo terjochte op: https://www.fryslan.frl/subsidies