Skriuwster Lida Dykstra is de Berneboekeambassadeur (of koartwei BBA) fan Fryslân. Fan jannewaris 2020 ôf jout Dykstra twa jier lang in gesicht oan de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal.

It amt fan Berneboekeambassadeur is net nij, yn lannen lykas Sweden, Ingelân, Amearika, Australië en ek Nederlân hat de funksje fan Children’s Laureate/National Ambassador for Children’s Literature/ Kinderboekenambassadeur him al bewiisd. De BBA hat as taak Fryske berneboeken, taal en lêzen te promoten, Frysk taalplezier, lêsplezier en wurdskat te ferbetterjen.

De BBA is in fraachbaak foar bern, âlders, learkrêften en oare ynteressearren yn Fryske berneliteratuer en taal en wol in brêge slaan tusken lêzers en brûkers fan de Fryske taal en organisaasjes. Boeken fan Fryslân stipet de Berneboekeambassadeur yn har aktiviteiten. Skoallen, biblioteken en oare ynstellingen kinne fergees in berop dwaan op de BBA. Dykstra komt dan del, lêst foar, fertelt oer boeken, fersoarget gastlessen of workshops. Sy kin in sit nimme yn sjuerys en sil in tal lesbrieven by Fryske berneboeken meitsje. Foar mear ynformaasje en it ‘boeken’ fan de BBA sjochst op https://berneboekeambassadeur.frl/.

Foto: Afûk, Elske Roorda