Taal is bepalend foar it wolwêzen fan minsken dy't soarch nedich hawwe. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? Dat gefoel hinget gear mei de taal dy’t troch fersoargers sprutsen wurdt.
Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse Afûkside stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear […]
Tongersdei 24 oktober wie de presintaasje fan it projekt ‘Fet âld!’, it lesmateriaal foar it fuortset ûnderwiis dat Afûk en Cedin by it boek ‘Vet oud! Fryslân’ ûntwikkele hawwe. De presintaasje wie ûnderdiel fan it kongres ‘Fierder mei Frysk’ yn Tresoar. It fernijnende lesmateriaal slút no al oan by de nije kearndoelen foar it ûnderwiis. […]