Foto: Hindrik Sijens, Fryske Akademy

Online kwalifikaasje Grut Frysk Diktee los

Frije tiid Oer it Frysk
18 febrewaris 2020
De kwalifikaasje foar it Grut Frysk Diktee 2020 is los. Minsken dy’t meidwaan wolle moatte harren kwalifisearje. Dat kin fan no ôf oant 16 maart online fia de website www.fryskdiktee.nl.

Op dy site stiet in kwalifikaasjediktee. Kandidaten dy’t dat diktee goed meitsje kinne in plakje yn de grutte finale bemachtigje. Njonken de kandidaten dy’t harren fia it kwalifikaasjediktee kwalifisearje, dogge de fiif bêste eineksamenkandidaten havo/vwo Frysk ek mei oan it diktee. It Grut Frysk Diktee wurdt op tiisdeitejûn 21 april hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Tema Frijheid
It diktee hat dit jier as tema Frijheid en wurdt skreaun troch skriuwer en Dichter fan Fryslân Nyk de Vries.

Thús meidwaan
It diktee kin thús live meiskreaun wurde fia de website www.fryskdiktee.nl. Nei ôfrin witte de thúsmeidoggers fuort hoe’t se it der sels fan ôf brocht hawwe. Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op de sosjale media fia #diktee2020.

Lyts Frysk Diktee
Op 21 april wurdt middeis it Lyts Frysk Diktee hâlden foar skoalbern út de boppebou fan de basisskoalle. Skriuwster Janny van der Molen skriuwt it Lyts Frysk Diktee. De skoalbern kinne harren kwalifisearje foar it diktee fia harren eigen skoalle.

Organisaasje
De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, de Fryske Akademy en Provinsje Fryslân.

Folgje de Facebookside fan it Grut Frysk Diktee https://www.facebook.com/fryskdiktee/  foar it lêste nijs en skriuwtips.