Foto: iStock

Pasjinte-ynformaasje by bepaalde medisinen tenei ek yn it Frysk

Oer it Frysk
15 maart 2019
It farmaseutyske bedriuw Boehringer Ingelheim út Alkmaar sil tenei ynformaasje oer medisinen ek beskikber meitsje yn it Frysk. Dat dogge se om't se tinke dat benammen âldere pasjinten dêr ferlet fan hawwe. Bysluters by medisinen binne faak dreech te begripen en dizze ekstra ynformaasje moat it makliker meitsje.

It bedriuw seach dat Fryske pasjinten en soarchferlieners graach de ynformaasje oer harren medisinen yn ‘e memmetaal lêze koene. Sa moat dy ynformaasje better te begripen wêze as bygelyks yn it Hollânsk.

“Op het moment dat patiënten volledig weten hoe zij hun geneesmiddelen moeten innemen, dan verhoog je het effect van de therapie. Op die manier draagt het bij aan goed geneesmiddelengebruik en aan het behandeldoel dat de arts heeft gesteld”, sa seit Paul Hoebee fan Boehringer Ingelheim.

Fryske pasjinte-ynformaasje
De earste medisinen mei Fryske ynformaasje binne foar pasjinten mei diabetes en foar pasjinten mei bepaalde sykten oan it hert en de longen. It bedriuw freget minsken dy’t flaters fine yn de ynformaasje om dy oan har te melden.

Bron: Omrop Fryslân