Foto: argyf Boeken fan Fryslân

Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Leare & ûnderwiis
3 febrewaris 2023
Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, hat Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid útskreaun. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. Foar elk winnend gedicht is €200,- beskikber steld.

De opdracht
Skriuw in gedicht op in tema binnen in eksakt fak of saakfak. Dat mei wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy wêze. It gedicht moat dêrby as ezelsbrechje tsjinje of de lêzer op in oare manier nei de stof sjen litte.

Tip
Foar ynspiraasje is de Nederlânsktalige dichtbondel Wis- en natuurlyriek fan Drs. P. en Marjolein Kool in oanrieder.

Ynstjoere
Stjoer dyn gedicht(en) yn it Frysk of in Fryske streektaal foar 1 july nei info@dichterfanfryslan.nl. Meardere gedichten ynstjoere mei ek. In sjuery sil de gedichten beoardielje en fiif winners oanwize. De poëzijposters sille yn it skolajier ’23 – ’24 oanbean wurde oan alle middelbere skoallen yn Fryslân.