FotoL mefrou Veninga, bewenster fan wensoarchsintrum Sint Jozef (Kwadrantgroep) yn Ljouwert, in kaart fan meiwurkster Saakje Westerhof.

Poëzy foar bewenners fersoargingstehuzen

Boeken fan Fryslan Frije tiid Minority languages Op it wurk
24 april 2020
Op freed 24 april binne by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge foar de goed 5.000 bewenners. It is in aksje fan Leeuwarden UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Dichterskollektyf RIXT.

RIXT-dichters Jan Kleefstra, Syds Wiersma, Gerrit de Vries, Froukje Reitsema, Kate Schlingemann, Martsje de Jong, Marije Roorda en Tsjisse Hettema en dichteres Baukje Wytsma hawwe mei-inoar sân Frysktalige en twa Nederlânsktalige gedichten skreaun. Ernst Bruinsma, saaklik lieder Leeuwarden City of Literature: “Mei de aksje wolle wy treast en hope jaan yn dizze – foaral foar âlderen – drege tiid.”

Troch Douwkje Douma fan it projekt Frysk yn de Soarch (Afûk) is der ynventarisearre hokker belangstelling der wie by soarchsintra foar âlderein yn Fryslân. Der wie belangstelling út alle organisaasjes wei: Kwadrantgroep, Hof en Hiem, Meriant, Patyna, Mienskipssintrum Leppehiem en Noorderbreedte. De kaarten binne foarmjûn troch BWH Ontwerpers út Ljouwert en printe troch Van der Eems út Easterein. De gedichten wurde ek publisearre op leeuwardencityofliterature.nl. Op de webside friesindezorg.frl stiet de nedige ynformaasje oer it belang fan taal foar it wolwêzen fan soarchfregers.