‘Jou Frysk omdatst joust om it Frysk!’ Provinsje Fryslân wol (takomstige) learkrêften en dosinten entûsjast meitsje foar it beheljen fan it foech Frysk. Dêrom is moandei 12 jannewaris de kampanje Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk útein set. Deputearre Eke Folkerts: “Mei dizze kampanje meitsje wy de rûte dúdliker, tagonkliker en oantrekliker.”
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 72ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin foar 15 april 2026 in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery dy’t dit jier bestiet út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra, hifket de ynstjoeringen […]