Praat mar Frysk op ‘e kofje by Jacob Mannenmode
Oer it Frysk
Op it wurk
10 maart 2023
Elke twadde freed fan de moanne is it Fryske Freed en giet Praat mar Frysk op ‘e kofje by in bedriuw of organisaasje dy't it Frysk hiel bewust en aktyf ynset foar bygelyks klantkontakten, promoasje, ynterne kommunikaasje, ensfh. Dizze kear giene wy fan Praat mar Frysk lâns by Jacob Wijnja fan
Jacob Mannenmode yn Ljouwert om te hearren wat it Frysk him opsmyt. En dat smiet in hiel nijsgjirrich gesprek op oer hoe't it Frysk foar dy wurkje kin. Benijd? Tsjek de fideo!
Praat mar Frysk by Jacob Mannenmode – YouTube