Praat mar Frysk yn ’e soarch!

Oer it Frysk Op it wurk
27 maaie 2020
Praat mar Frysk gie op besite by soarchgroep Noorderbreedte. Oer it Frysk yn ‘e soarch en hoe fijn it wêze kin ast dy yn dyn memmetaal útdrukke kinst. NB dizze fideo is opnommen foar’t de RIVM-maatregels fan krêft wienen.

Brûk taal as in ynstrumint om de ferbining te meitsjen mei de soarchfreger
It brûken fan de memmetaal yn soarchsituaasjes is wichtich. De soarchfreger kin yn de eigen taal better ús syn/har wurden komme en jout sa mear en bettere ynformaasje. Boppedat stelt it brûken fan de eigen taal immen op syn gemak. Mei it projekt ‘Frysk yn ‘e soarch’ stimulearret de Afûk it gebrûk fan de eigen taal in soarchsituaasjes. Profesjonals yn de soarch wurde ynformearre oer it belang van taal yn de soarch, der wurdt meitocht oer materialen en helpmiddels yn de eigen taal en der is in rom oanbod oan kursussen en workshops. Op www.friesindezorg.frl fynst der alles oer.