Provinsjaal taalbelied op de goede wei

Oer it Frysk
27 septimber 2018
LJOUWERT - Nettsjinsteande de grutte maatskiplike ûntjouwingen, is de posysje fan de Fryske taal stabyl bleaun. Dat docht bliken út it ûndersyk Taal yn Fryslân, útfierd troch de Fryske Akademy.

It Frysk hat, mei te tankjen oan it provinsjaal taalbelied, syn plak yn de formele domeinen ferovere. It mear en better brûken fan it Frysk is no de ferfolchstap. De ûndersikers dogge hjirfoar in tal oanbefellings oan de provinsje.

Taalkado
De ûndersikers advisearje de provinsje om troch te gean mei de foarljochting oan âlden oer Frysk en meartaligens. Âlden krije by de oanjefte fan in bern op it gemeentehûs fan de provinsje in Taalkado. De ynformaasje en it materiaal yn it Taalkado helpt de âlden by de kar foar in meartalige opfieding.

Frysk skriuwen
It Frysk skriuwen hat troch de sosjale media in grutter plak krigen yn it deistich libben fan de Friezen. Mar Friezen jouwe wol oan dat se graach better Frysk skriuwen leard hawwe wolle soenen. It feit dat sy dat no net goed kinne, smyt in drompel op. Dat pleitet foar in fersterking fan it Frysk skriuwen yn it ûnderwiis en de Fryske taalhelpmiddels, lykas taalweb.frl.

Taalskipper
It Frysk is op it plattelân fanâlds sterker as yn’e Fryske stêden. Dat docht ek bliken út dit ûndersyk. Troch de resinte gemeentlike weryndielingen, wurde gemeenten lykwols hieltyd faker bestjoerd fanút de stêden. It is fan belang dat der dan ek each is foar it Frysk. De provinsje spilet hjir as Taalskipper in rol yn om gemeenten hjirop te wizen en te helpen by it formulearjen fan gemeentlik taalbelied.

Foarbyldrol
Dat it Frysk yn offisjele fermiddens brûkt wurde kin, bliuwt fan belang om de offisjele status fan it Frysk te befêstigjen. De provinsje en oare oerheden hawwe hjirby in foarbyldrol. Ek as it giet om de sichtberens fan it Frysk op bygelyks websiden, yn advertinsjes en yn de iepenbiere romte en gebouwen. It gebrûk fan twataligens nûget Frysktaligen út om sels it Frysk ek te brûken en te skriuwen.

Lân fan taal
De provinsje wol op basis fan de resultaten fan it taalûndersyk in ekstra ympuls jaan oan it taalbelied. Lân fan taal hat hjir as grut programma-ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 in sintrale rol yn. Meartalichheid wurdt dêryn foar it fuotljocht brocht mei festiviteiten, keunst, wittenskip en edukaasje, wêrby’t it Frysk sintraal stiet. It is in gearwurking tusken ferskate partijen, dy’t ek nei 2018 mei-inoar Fryslân yn ynternasjonaal ferbân as meartalige regio op’e kaart sette wolle.

Lange termyn
De rapportaazje “Taal yn Fryslân, de folgjende generaasje” jout in byld fan de ûntwikkeling fan it Frysk op lange termyn. De rapportaazje is in ferfolch op eardere ûndersiken nei de Fryske taal yn 1969, 1984 en 1995. Ek de provinsjale taalatlassen út 2007, 2011 en 2015 binne meinaam yn it ûndersyk.