Rely Jorritsmapriisfraach 2023 iepensteld
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns hat de organisaasje opdroegen oan de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).
De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerder moatte apart yn de e-mail fermeld wurde en bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjochst op www.stiftingflmd.frl.