Logo RIXT Frisian Poets Pack

RIXT Frisian Poets Pack online

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
27 juny 2019
It Frysk Dichterskollektyf RIXT hat har Ingelske webside online pleatst. In grut part fan de 45 dichters dy’t by RIXT oansletten binne, hat oersettings fan eigen gedichten foar de webside ynstjoerd. Boppedat hawwe de RIXT-dichters no njonken in Frysktalich ek in Ingelsktalich dichtersprofyl.

De Ingelske webside fan RIXT sil brûkt wurde om in begjin te meitsjen mei in wichtige doelstelling fan it dichterskollektyf: de Fryske poëzy ynternasjonaal op ‘e kaart sette. RIXT wol de kommende jierren har bêst dwaan om mear Fryske dichters op ynternasjonale poadia te krijen en de Fryske poëzy ûnder de oandacht te bringen fan dichtersnetwurken yn it bûtenlân. Se sille dat dwaan yn gearwurking mei oare dichters, de literêre tydskriften en kulturele organisaasjes.

De Ingelske webside fan RIXT is net inkeld in oersetting fan de Fryske. De Ingelske side hat in oar karakter en doel. De Fryske side rjochtet him benammen op de aktualiteit. Dêr wurde gedichten pleatst oer aktuele tema’s. De Ingelske webside jout mear in oersicht fan ynternasjonale projekten en optredens dêr’t Fryske dichters by belutsen binne. De kommende tiid sil de Ingelske webside noch libbener makke wurde mei audio- en fideo-opnames fan Fryske gedichten. Net-Frysktaligen kinne it lûd fan de dichters dan hearre by de Ingelske oersettings.

Oar nijs is dat RIXT trije Nederlânsktalige dichters wolkom hjitten hat. It giet om Job Degenaar, Dien L. de Boer en Peter Vermaat. Alle trije wenje se al jierren yn Fryslân en fiele se har ferbûn mei de Fryske literatuer. Yn de moanne july is Job Degenaar RIXT-dichter fan de moanne en sille der twa aktuele gedichten fan him op de webside ferskine.

RIXT bestiet no ien jier. Yn it earste jier liet it kollektyf allinnich dichters ta dy’t yn it Frysk (of in Fryske streektaal) skriuwe. It dichterskollektyf waard û.o. oprjochte út argewaasje oer de beheinde oandacht dy’t LF2018 oan de Fryske literatuer en poëzy joech. Mei de mear as fjirtich Fryske dichters dy’t har yntusken by it kollektyf oansletten hawwe, is neffens de oprjochters fan RIXT it punt wol makke dat de Fryske poëzy fitaal is, folop yn beweging en it wurdich om breed programmearre te wurden.

Dichters yn alle talen fan Fryslân binne wolkom by it kollektyf. In betingst is wol dat se har ferbine wolle mei de Fryske poëzy. De webside fan RIXT bliuwt dêrom Frysktalich, mei no dus ek in Ingelsktalige fariant foar ynteressearre net-Frysktaligen. Mear lêze? Sjoch: www.rixt.frl en www.eng.rixt.frl. Mear ynfo? ynfo@rixt.frl.

Bron: parseberjocht Frysk Dichterskollektyf RIXT, Ljouwert 26 juny 2019