Ryksuniversiteit Grins wurket oan Frysk prate mei kompjûter
Spraaktechnology lit minsken sprutsen kommando’s jaan oan apparaten. Foarbylden binne Siri fan Apple of Google Home, mar ek oare tapassingsrjochte apparaten. Hieltyd mear apparaten of digitale assistinten fersteane it Nederlânsk, mar binne noch net beskikber foar streektalen.
De Ryksuniversiteit Grins hat spraaktechnology foar it Grinzers ûntwikkele en wurket no ek oan it Frysk. Yn de kommende fjouwer jier docht in promovendus ûndersyk nei Fryske spraaktechnology en de tapassing dêrfan.
De provinsje stekt hast 225.000 euro yn de ûntwikkeling fan de Fryske spraaktechnology. “Wy fine it wichtich dat Friezen harren eigen taal brûke kinne. Krekt by digitale tapassings dy’t âlderein of beheinde minsken helpe, is it o sa wichtich dat hja dêr yn it Frysk tsjin prate kinne”, seit deputearre Sietske Poepjes.
RUG Campus Fryslân en de Fryske Akademy hawwe ôfpraat om mei te wurkjen oan de ûntwikkeling. Se sille de promovendus-kandidaat mei begeliede. Dat komt ek de gearwurking tusken de trije ynstituten te’n goede. De Fryske Akademy is op it stuit dwaande mei de automatyske Fryske ûndertiteling fan riedsgearkomsten. Campus Fryslân is op it stuit dwaande mei it ûntwikkeljen fan in kompjûterstim yn it Frysk.