Sykje nei:

De nije heit&mem is der!

Hasto ‘m al? Fergees te krijen op in hiel soad adressen yn Fryslân sa as byg. biblioteken, skoallen, sikenhúzen en bernedeiferbliuwen. Sjoch ek www.heitenmem.nl.

Download fergees: 4 ynteraktive aventoeren fan Rinze de Kikkert

De e-boekjes oer Rinze de Kikkert binne boartlik, leuk en learsum en sitte fol mei ynteraktive eleminten. Se binne leuk foar op dyn tablet thús mar ek beskikber as digiboerd-ferzje en kinne dus ek yn de klasse brûkt wurde! Download se fergees fia de App Store of Google Play.

Presintaasje nije dichtbondel ‘It leafst bin ik in fûgel’

Op freedtemiddei 2 novimber wurdt presintearre: It leafst bin ik in fûgel, poëzy foar elkenien fan 9 – 99 jier. Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra […]