Sykje nei:

Taalkado

Alle âlden dy’t oanjefte dogge fan de berte fan harren berntsje by ien fan de Fryske gemeenten krije fan de provinsje Fryslân in ‘Taalkado’ (m.ú.f. gemeente Weststellingwerf en de waadeilannen) . It Taalkado bestiet út in moaie kartonnen bewardoaze mei ynformaasje oer meartalich opfieden en taalûntwikkeling, mar ek in tal leuke en praktyske artikels lykas […]

Boeken fan Fryslân

Boeken fan Fryslân is in projekt fan de Afûk dat him rjochtet op de promoasje fan alle Fryske boeken. Dat dogge wy mei tal fan aktiviteiten, lykas de Sutelaksje, boekekisten op skoallen en it Boekewikegeskink.

Kardiel Frysk

Fansels kinne mbû-studinten ek wurkje oan harren taalfeardigens Frysk. Oan ‘e hân fan 40 generike lessen leare sy mear oer de stavering en grammatika en tagelyk wurkje sy oan oansprekkende praktykopdrachten.

Taalbewustwêzen yn de beropspraktyk

Ut ferskate ûndersiken docht bliken dat passend taalgebrûk op de wurkflier soarget foar sukses. It giet dêrby net allinne om de krekte wurdkar, mar benammen om it kiezen fan de taal dy’t it bêste oanslút by de gesprekspartner.

Boargerskip

Underwiis yn it mbû betsjut mear as studinten allinne mar tariede op harren professy. Ek de persoanlike ûntwikkeling fan de studinten is in wichtich part fan de oplieding. It fak boargerskip spilet hjir in rol by.

Ljouwert-Fryslân 2018-2028

Yn 2018 wie Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd fan Europa. De hiele provinsje brûze noch mear as oars! En dat giet fierder mei Ljouwert-Fryslân 2028, in programma dat opboud is rûnom trije triënnales dy’t meielkoar mear as sechstich projekten omfetsje en romte biedt oan lokale én ynternasjonale talintûntwikkeling. Yn 2022 wie it tiid foar de earste edysje: […]