Sykje nei:

Leare en ûnderwiis | Frysk leare? De Afûk helpt dy graach!

De Fryske taal ferstean, praten en skriuwen leare: de Afûk helpt dy dêr graach by! Wy biede in grut ferskaat oan kursussen oan. Boppedat ûntwikkelje wy foar it Frysk yn it ûnderwiis in protte lesmateriaal. Fan pjut oant grut, elkenien leart it Frysk mei de Afûk!

Boeken

Yn Fryslân binne ferskate útjouwers dy’t harren talein hawwe op it útjaan fan Fryske fiksje en non-fiksje. Printeboeken, romans en dichtbondels mar ek boeken oer Fryslân, skiednis en taal, en tydskriften. Yn sawat alle boekwinkels yn Fryslân fynst ek Frysktalige boeken.

Tydskriften

De Afûk is útjouwer fan it twatalige tydskrift heit&mem. Dêrnjonken ferskine noch in tal nijsgjirrige tydskriften op de Fryske merk.

Diskes

De Afûk hat in spesjalisearre boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert, mar docht ek boekferkeap op lokaasje mei saneamde diskes (kramen). In diske mei in moai assortimint Fryske (berne)boeken  en boeken oer Fryslân is poer geskikt op merken, fairs en beurzen.

Foarlêze

Foarlêzen, dêr begjint it mei. Tegearre in boekje lêze, plaatsjes oanwize en ferhaaltsjes fertelle fersterket de bân mei dyn bern. En bern dêr’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Kinst net op ‘e tiid genôch begjinne mei foarlêzen. Mear witte? Gean dan nei heit&mem.

Sutelaksje

De Sutelaksje bringt it Fryske boek by dy oan de doar. En ast sa’n aksje mei bygelyks dyn (sport)feriening of muzykkorps organisearrest, kinne jim ek nochris 25% fan de omset yn de klupkas stoarte.