Sykje nei:

‘It is mei sizzen net te dwaan’ – oftewol ‘Niet praten maar doen!’

Bist te fytsen of te kuierjen yn ús moaie provinsje en komst by ien fan ús 100 Rustpunten? Dan is de kâns grut datst dêr fan hjoed ôf Fryske siswizen tsjinkomst op buordsjes. Yn De Sluisfabriek yn Drachten wiene Rustpunt-eigeners oanwêzich om sels in buordsje mei in Fryske siswize op te heljen. Want de Fryske […]

Dit is de Afûk BoekeTIP10 fan july

Ek dizze moannen wer 10 titels yn de Afûk BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear […]

Sint Radbodus út Dronryp wint SjONG junior 2024

Nei in spannende finale is de Sint Radbodus út Dronryp de winner fan SjONG junior 2024 wurden. De skoalle giet der mei de earste priis fan troch. Se wûnen mei it ferske ‘Bûsjild’. De sjuery wie tige te sprekken oer it optreden fan de skoalle. “De bern fan de Sint Radbodus út Dronryp songen echt […]

Frysk/Bildtsk Boekje ‘Sipke op ’t Kaatsfeld’ presintearre yn Keatsmuseum Frjentsjer.

Op tongersdei 13 juny is yn it Keatsmuseum it spesjale, twatalige boekje Sipke op ’t Kaatsfeld yn it Frysk en Biltsk presintearre. It orizjineel, skreaun troch Lida Dijkstra is spesjaal foar it projekt Waadzinnig oerset yn it Biltsk. Waadzinnig is it Kultuernetwurk fan de gemeente Waadhoeke. It earste eksimplaar is oerhandige troch de regearjend, twafâldich […]

Italiaanske Ostana-priis foar Arnold de Boer mei album ‘Witst noch dat d’r neat wie’

Arnold de Boer “Zea” ûntfangt op 29 juny yn Italië de ‘Ostana Music Prize’ op it Premio Ostana festival foar syn yn 2021 ferskynde Fryktalige album Witst noch dat d’r neat wie, in co-productie fan ZEA mei Explore the North, De Popfabryk en Subroutine Records. It festival om de ‘Ostana Prize: Writings in Mother Tongues’ […]

De ‘fergetten wurden’ fan tongersdei 13 juny binne ‘Louloene’ & ‘Liberdela’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd oan twa wurden, dy’t moai byinoar passe: ‘louloene’ & ‘liberdela’.