Set de toan foar it Sjongfestival
De toanen sille de reade tried troch de útstjoeringen hinne foarmje. Dêrom is de oprop ek om safolle mooglik ferskate lûden yn te stjoeren. Fan in fytsbel oant in dwersfluit, fan in gjalp oant in saksofoan, fan in sjongtoan oant in doar dy’t tichtklapt, alles is mooglik. De oprop jildt foar alle bern, mar fansels meie âlden en pakes en beppes ek meidwaan.
De toanen kinne foar 9 maaie ynstjoerd wurde nei info@sjongfestival.frl. Soargje datst dyn lûd ynstjoerst yn de foarm fan in filmke. Graach horizontaal filmje en soargje dat it lûd dúdlik te hearren is.
Sjongfestival, de online hitfabryk
It programma, mei de titel Sjongfestival, draait om de wille fan muzyk meitsjen en it ynspirearjen fan skoallen ta (Frysk) muzykûnderwiis. Fjouwer skoallen krije de opdracht om mei help fan twa professionals yn ien dei in ferske te meitsjen. Se krije de kar út rock, country, dance en hiphop. De tekst skriuwe se sels, oer in ûnderwerp dat sy belangryk fine. Dêrneist wurde sjoggers ynspirearre mei edukative explainers.
Fan 17 maaie ôf is it Sjongfestival moandeis te sjen fia Youtube.com/tsjil, Instagram.com/tsjil_, Omropfryslan.nl/tsjil en de Omrop Fryslân Tsjil-app.
Organisaasje Sjongfestival
It Sjongfestival is in talintejacht foar basisskoallen, twa kear yn it jier. Learlingen út groep 6, 7 en/of 8 foarmje in koar en sjonge sa moai mooglik in Frysk liet. By it Sjongfestival wurkje Cedin, Keunstwurk/SAKO, de Afûk en Omrop Fryslân gear om de grutste Fryske muzykwedstriid foar basisskoallen del te setten. It Sjongfestival draacht by oan de ambysjes fan Taalplan Frysk 2030.