Foto: Tresoar / Haye Bijlstra

Simke Kloostermanpriis foar Tomke

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
20 maaie 2019
It berneboek Tomkes foarlêsfeest fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga, is de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019. It winnende boek ferskynde yn 2016 by Utjouwerij Afûk ta neitins oan Auck Peanstra. Op freed 17 maaie namen Riemkje Pitstra, Luuk Klazenga en Frâns Hoogland, de widner fan Auck Peanstra, de priis yn ûntfangst yn 'e Petrustsjerke yn Twizel.

De taspraak dy’t Riemkje en Luuk tegearre holden by it yn ûntfangst nimmen fan de priis – troch Riemkje alhiel yn styl op rym setten – fynst hjirûnder.

Tomke wint in priis!
Tomke griemt mei sân en wetter.
Hea, dêr komt Kornelia.
Sy praat drok yn har mobyltsje.
Hipt dan gau nei Tomke ta.

O, o, tinkt it lytse mantsje.
Se is lilk. Ik bin sa fiis!
Mar Kornelia moat laitsje.
Ropt: ‘Tomke, wy ha in priis!’

Tomke seit: ‘Wêr is dy priis foar?’
Romke stiet der no ek by.
‘Is de priis soms fan de giro,
of in oare lotterij?’

‘Nee, de priis is foar twa skriuwsters.
En dy kenne jim hiel goed.’
‘Auck en Riemkje?’, freget Tomke.
‘Krije dy in priis dan hjoed?

Ja, dy kinne sà moai skriuwe
yn ús nijste Tomkeboek!
Oer it swimbad en de boltsjes,
oer de hapkes en myn broek.

It is wol in bytsje spitich,
Auck is fuort,  is der net mear.
Mar har ferskes en ferhaaltsjes
lêze wy noch elke kear.’

‘Stiet ús Luuk ek yn it sintsje?’
freget Romke oe sa tûk.
‘Want allinne mar ferhaaltsjes
fyn ik gjin moai Tomkeboek.’

Luuk kin alles, alles meitsje.
Luuk dat is in tekenbaas:
Tomke, Romke, buorman Piter,
Yana Yu en … Sinteklaas!

‘Bisten, blommen of in boatsje.
Earen, eagen, Romkes sturt.
Mar myn holle is feroare.
Want dy wie wol wat te grut!’

Romke ropt: ‘Wy ha in feestje!’
Hy springt as in gek yn ’t rûn.
Tomke siket om syn feesthoed.
Hy hat ek in toeter fûn.

Stikem geane se nei bûten.
Nei it winkelsintrum ta.
Elkenien dy moat hjoed witte
dat sy niis in priis wûn ha.

Buorman Piter, juffrou Klaske,
Yana Yu, de kranteman.
Omrop Fryslân en de Afûk,
witte dy der eins wol fan?

Romke kin hast net mear rinne.
Hy wol nei syn bonke ta.
Tomke toetert noch ien ferske.
En dan…. komt Kornelia.

‘Gau de klean oan, yn de auto.’
Hastich geane se op wei.
Want by ’t Tomkefeest yn Twizel
hearre sy der eins wol by.

Yn ‘e auto freget Tomke:
‘Wat foar priis krije se dêr?
Watte?!! Fiiftûzen euro!!!?
Dan binne se no miljonêr!’

Hjoed ha wy in Tomkefeestje.
En dat makket ús hiel blier.
Elkenien hâldt fan ús Tomke
mei syn kroltsjes yn it hier.

Mar no wol Tomke  graach koese
want hy hat de put derút.
En jim krije allegearre
noch fan him in dikke …tút!

Troch: Riemkje Pitstra, 16 maaie 2019