Sjongeres Iris Kroes skriuwt tekst Grut Frysk Diktee 2023
De dikteetekst wurdt fan ’t jier skreaun troch sjongeres Iris Kroes: “Yn earste ynstânsje tocht ik ‘dit kin ik hielendal net’, want myn Frysk is net perfekt. Mar ik fyn it in hiele moaie útdaging en bin fuortendaliks it Fryske wurdboek yndûkt.’’ Kroes lit witte dat it diktee gean sil oer in bepaalde faze yn it libben.
Teams
Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje, sille ek fiif teams de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne: Fryske artysten, sjoernalisten, dûmnys, PABU-studinten en in groep jongerein fan in keet.
Kwalifikaasjediktee
Minsken dy’t op 23 maaie graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Fan 3 april oant 30 april kinne hja online it kwalifikaasjediktee meitsje op www.fryskdiktee.nl. De bêste 20 dielnimmers bemachtigje in plak yn de Steateseal.
It Grut Frysk diktee wurdt op woansdei 24 maaie útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.