Musical Master Gysbert. Foto: Bolswards Nieuwsblad © Petra Kroon

Sjuery fan de Lytse Gysbert Japicxpriis 2019 bekend

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
17 oktober 2019
De Lytse Gysbert Japicxprijs is de priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern fan groep 7 en 8 fan de basisskoalle. Dy priis makket diel út fan it edukative oanbod fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert om bern mear bewust te meitsjen fan de Fryske taal en it belang fan Gysbert Japicx foar it Frysk en de Fryske skiednis. Basisskoallen meie per groep trije gedichten ynstjûre.

De sjuere foar dit jier bestiet út:

Lida Dijkstra skriuwt printeboeken, boeken foar begjinnende lêzers en foar âldere bern. Foar dy lêste kategory lit sy har graach ynspirearje troch (Keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Sy giet faak nei skoallen en biblioteken ta om foar te lêzen en te fertellen oer har wurk. Se wurket as Skoalskriuwer en is beneamd ta Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân.

Thijs Meester is akteur, sjonger, poppespiler én hy makket teäter. Hy is bekend fan suksesfolle produksjes lykas Elk Sines, Master Gysbert, Kollumer Oproer, De Wylde Boerinne en Kening Hert & Harry Hazze. Takom jier giet syn solo-foarstelling yn premjêre. In tal ferskes dêrfoar wurde spesjaal skreaun troch Piter Wilkens.

Ida Heddema-van Keimpema wurket al sûnt 2007 by de útjouwerij fan de Afûk, dé ynstelling op it mêd Fryske taal en Kultuer. Ida hâldt har û.o. dwaande mei de ferkeap en promoasje fan Fryske (berne)boeken. Ek organisearret en koördinearret sy promoasje- en ferkeapaktiviteiten foar Boeken fan Fryslân.

De winner wurdt bekend makke op sneontemiddei 16 novimber yn de Martinitsjerke fan Boalsert en kriget de fûl begearde ‘Gouden Fear’ 2019! Om de útrikking hinne is der teäterspektakel en feest foar alle bern dy’t meidien hawwe oan it projekt ‘Frysk en Gysbert Japicx’. Foar alle nominearre bern is der spesjale oandacht, in presintsje en in fotomoment mei Stella van Gent, technysk foarsitter fan de sjuery en wethâlder fan de Gemeente Súdwest-Fryslân.

Nei ôfrin fan de útrikking is der drinken en in hapke foar alle groepen 7 / 8 bern fan de skoallen út Mildaam, Jobbegea, Sint Jânsgea, Aldehaske, Blauhús, Penjum en Boalsert en is der in Meet & Greet mei Jakoba, Bertje en Juf Gijsje (Master Gysbert, sjoch foto).

De Lytse Gysbert Japicxpriis waard foar it earst útrikt op 12 oktober 2013 nei ôfrin fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan Jacobus Smink.