Foto: Sacha de Boer

Skriuwer en oersetter ‘Boekenweekgeschenk’, Dichter des Vaderlands en Dichter fan Fryslân op it poadium yn Ljouwert

Boeken fan Fryslan Frije tiid
22 Maart 2019
Yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek organisearret Boeken fan Fryslân op sneon 30 maart in literêre jûn yn de eardere synagoge fan Ljouwert. Te gast binne Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga, auteur fan it nasjonale boekewikegeskink Jan Siebelink en oersetter fan it boekewikegeskink Jetske Bilker. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Asing Walthaus.

Njonken ynterviews, foardrachten en in sinjearsesje is dyselde jûns ek de bekendmakking fan de útslach fan de oersetwedstriid, útskreaun troch de Dichter fan Fryslân yn gearwurking mei It Skriuwersboun. Wa hat de bêste Nederlânsktalige oersetting makke fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’ en is de winner wurden fan de priis, besteande út publikaasje en in jildbedrach fan 250 euro? De sjuery bestiet út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.

Jas fan belofte
Yn de nasjonale Boekewike, fan 23 oant en mei 31 maart, krigest by in besteging fan € 12,50 oan boeken it boekewikegeskink Jas van belofte, skreaun troch Jan Siebelink, kado. Fanwegen it sukses fan ferline jier hat it CPNB yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân wer in Fryske oersetting meitsje litten fan it Nederlânske boekewikegeskink, troch Jetske Bilker: Jas fan belofte. Yn de boekewike kinne klanten dêrom kieze tusken de Frysktalige en de Nederlânsktalige edysje as geskink.

De lokaasje fan de literêre jûn is de eardere synagoge fan Ljouwert, dêr’t no Dansschool Saco Velt fêstige is. De doarren geane om 19.30 oere iepen en it programma begjint om 20.00 oere. Tagongskaarten à € 7,50 binne yn de foarferkeap te krijen by Boekhandel Van der Velde yn Ljouwert, by de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert of online fia de Afûkwebsjop, mar op de jûn sels ek oan ’e doar.

Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. Sjoch ek www.boekenfanfryslan.frl.