©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Slagge earste trening ‘Psychology fan Taal’ foar treners

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
8 july 2020
‘De psychology fan Taal’ is in nije trening/workshop fan Praat mar Frysk oer taalgedrach en -gewoantes. Bedoeld foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêrst net by stil stietst, in ‘oars as oars’ trening dy’t bestiet út in kombinaasje fan teory en praktyk. De minsken dy't de trening aanst jaan sille, hawwe tongersdei 2 july yn Loft yn Bokusm earst sels in - earste - trening folge om dy trening aanst jaan te kinnen. In trening foar treners dus.

De 6 dielnimmers krigen ynformaasje oer de opbou fan de trening en de teoretyske eftergrûn fan psychologyske fenomenen dy’t mei it switchen fan de iene taal nei de oare taal te krijen hawwe. Want wannear skeakelest oer fan dyn taal (yn dit gefal it Frysk of it Biltsk) nei it Nederlânsk, en wêrom? Watfoar oannames spylje dêryn in rol? Watfoar ferhaal fertelst dysels en hoe reagearresto op de reaksje fan dyn petearpartner? De dielnimmers krigen hanfetten om dêr mear ynsjoch yn te krijen en dêr ek konkreet mei oan de slach te gean. Op 11 septimber sil it twadde diel fan dizze trening plakfine. Dan sil prof.dr. Ferran Suay, psycholooch oan de Universiteit fan Valencia mear teoretyske eftergrûn jaan en yngean op fragen en ûnderfiningen fan de dielnimmers. De trening en workshop Psychology fan Taal is ûnderdiel fan it LISTEN-projekt.

‘Meardere talen yn ien petear is net asosjaal, Frysk kin ek in ‘luistertaal’ wêze’
Yn in ynterview mei Omrop Fryslân fertelt Mirjam Günther, assistint lektor Meertaligheid en Geletterdheid oan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden, oer it brûken fan meardere talen yn ien petear. Hjirûnder in pear sitaten út dat ynterview. Sjoch hjir foar it folsleine petear.

“In soad minsken yn Nederlân binne net wend oan de meartalige situaasje sa’t wy dy yn Fryslân kenne. Sy fine dat je yn in petear altyd deselde taal prate moatte, om mei-inoar kommunisearje te kinnen. Dat hoecht lykwols hielendal net, as je inoar mar ferstean. Dan kinne je ek in begryplik petear hawwe en dogge je rjocht oan alle talen.” Günther fertelt dat út ûndersyk bliken docht dat 94 persint fan de Friezen de Fryske taal ferstiet. “Dus hast eltsenien begrypt it as je Frysk prate. It liket my dan ek gjin probleem as elts syn memmetaal praat, as eltsenien inoar ferstean kin. Dat hjit ek wol it brûken fan in ‘luistertaal’, kommunisearje yn je eigen taal en harkje nei de taal, dy’t je wol ferstean, mar sels net floeiend prate.”

Neffens Günther moatte minsken faak in drompel oer om in oare taal as ‘luistertaal’ te brûken. “It is miskien spannend, mar as je wolle dan kin der in soad. It hat allegear mei je taalhâlding te krijen. Foar myn wurk haw ik ek in soad kontakt mei minsken yn Drinte en Dútslân. Sy prate dan gewoan Drintsk en Dútsk en ik Frysk of Nederlânsk. Wy ferstean inoar, om’t we in soad wurden fan inoar ek wol werkenne. Lûk gewoan de registers iepen. Hokker wurden lykje op de wurden yn je eigen taal. Wat kinne je liede út oare talen. Je sille sjen dat je in soad ûnbewuste taalkennis hawwe.”