Foto: BWH Ontwerpers

Sneon 11 juny is ús winkel ticht, presintaasje Peter van Lier giet wól troch

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk Uncategorized @fy
10 juny 2022
Om't wy fan't wykein alhiel ynsletten binne troch poadia en hekken fan it festivalterrein fan Into The Grave, hawwe wy besletten om de doarren fan ús winkel dizze sneon ticht te hâlden. Wy ferwolkomje klanten graach in oare dei. De bondelpresintaasje fan Peter van Lier moarns om 11.00 oere giet wól gewoan troch.

Parkeare dochst it handichst yn parkeargaraazje Hoeksterend. Kuierje troch de Prinsetún nei de Afûk. De Afûk is ek te berikken fan de kant fan de ‘Vrouwenpoortsbrug’ ôf. Rin of fyts oer stoepe/fytspaad foar Tresoar lâns.

Winkelje dochst fan’t wykein spitigernôch allinne yn ús websjop.