Sneon 6 febrewaris 2021 yn de Ljouwerter Krante

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
4 febrewaris 2021
Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Sneon 6 febrewaris binne we der wer!

Njonken ús winkel, websjop en de kursussen Frysk dy’t by in soad minsken wol bekend binne, dogge wy ek noch in hiele protte oare dingen. Sa binne wy bygelyks ek aktyf op it mêd fan taalpromoasje op de wurkflier en meitsje wy metoaden foar it Frysk yn it ûnderwiis. Mei de Afûkside yn de krante wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by de ein hawwe. Hasto gjin Ljouwerter Krante? Download dan hjir de side fan febrewaris.

Mear witte? Sjoch ek ris op dizze webside by ‘Oer de Afûk‘ en/of abonnearje dy op ús moanlikse nijsbrief om op ‘e hichte te bliuwen.