Omslach fan Taal yn de soarch nr. 1

Start ynformaasjekampanje ‘Taal yn it sosjaal domein’

Oer it Frysk Op it wurk
9 septimber 2020
Professionals bepale faak de taal dy’t sprutsen wurdt yn it ûnderlinge kontakt mei soarchfregers. Troch omtinken te jaan oan de memmetaal fan de soarchfreger kinst de tsjinstferliening ferbetterje. Minsken fiele harren better op har gemak en jouwe mear en bettere ynformaasje wannear’t se dat yn har eigen taal dwaan kinne. Tegearre mei de Fryske gemeenten set de Afûk mei it projekt 'Frysk yn ‘e soarch' yn op it fergrutsjen fan it taalbewustwêzen fan de soarchprofessionals yn it sosjaal domein.

Op 17 septimber o.s. wurdt de ôftraap foar de nije kampanje jûn troch it oanbieden fan it magazine ‘Taal yn  ‘e soarch’ oan de teamleden fan it gebiedsteam Sneek Noord.

It oanbieden fan it magazine oan de teamleden fan it gebiedsteam Sneek Noord is fansels gjin tafal. We sille nammentlik in jier lang meirinne mei dit gebiedsteam fan de gemeente Súdwest Fryslân. Mei harren litte we sjen hoe’t de memmetaal fan soarchfregers brûkt wurde kin om de tsjinstferliening te ferbetterjen. De professionals fan it team Sneek Noord sille har ûnderfiningen diele mei oare professionals yn de provinsje.

Troch ûnderfiningen en ferhalen fan professionals te dielen en troch praktyske tips en in workshopoanbod op maat te bieden, sette we yn op it fergrutsjen fan it brûken fan de eigen taal troch soarchfregers. It Frysk stiet dêr by foarop, mar der is ek omtinken foar bygelyks streektalen en migrantetalen.

Organisaasjes dy’t oanslute wolle by de kampanje kinne kontakt opnimme mei Douwkje Douma, projektkoördinator Frysk yn ‘e soarch, douwkje.douma@afuk.frl).

Meer ynformaasje oer dit projekt is te finen op www.friesindezorg.frl.