© Hoge Noorden/Jacob van Essen

Startsein ‘Taal yn it sosjaal domein’ mei oanbieden magazine

Oer it Frysk Op it wurk
17 septimber 2020
Hjoed waard it startsein jûn foar de kampanje ‘Taal yn it sosjaal domein’ troch it oanbieden fan in spesjaal magazine oan de teamleden fan it gebietsteam Snits Noard. Yn ’e mande mei de Fryske gemeenten set de Afûk mei it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’ yn op it fergrutsjen fan it taalbewustwêzen fan de soarchprofessionals yn it sosjaal domein. Organisaasjes dy't oanslute wolle by de kampanje binne fan herte wolkom.

It earste eksimplaar fan it magazine Taal yn ’e soarch waard hjoed oanbean oan de teamleden fan it gebietsteam Snits Noard. ,,Het gebiedsteam is dé plek bij uitstek waar mensen elke dag hun hart uitstorten. Hoe fijn is het als dat in je moedertaal kan’’, sa fertelt teammanager Ellen Both fan it gebietsteam oan de Ljouwerter Krante.

It oanbieden fan it magazine oan de teamleden fan it gebietsteam Snits Noard is gjin tafal. ‘Frysk yn ’e soarch’ sil in jier lang meirinne mei dat gebietsteam fan de gemeente Súdwest-Fryslân. “Wy wurkje graach oan dit projekt mei. Soarch en stipe wurkje pas goed as je inoars taal prate; de memmetaal is dan hiel belangryk”, fynt wethâlder Mirjam Bakker fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân. “Wy hawwe yn al ús gebietsteams omtinken foar it Frysk. Yn gebietsteam Snits Noard praat likernôch de helte Frysk; dat makket it in nijsgjirrige groep om te folgjen.”

Mei dat team lit de Afûk sjen hoe’t de memmetaal fan soarchfregers brûkt wurde kin om de tsjinstferliening te ferbetterjen. De professionals fan it team Snits Noard sille har ûnderfiningen diele mei oare professionals yn de provinsje.

Organisaasjes dy’t oanslute wolle by de kampanje kinne kontakt opnimme mei Douwkje Douma, projektkoördinator Frysk yn ‘e soarch, douwkje.douma@afuk.frl. Lês fierder op www.friesindezorg.frl.