Subsydzje beskikber foar sichtber meitsjen Fryske taal
De subsydzjeregeling hat ta doel om de sichtberens en it gebrûk fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben en de publike romte te fergrutsjen. De regeling stipet it sichtberensakkoart Frysk dat it Ryk en provinsje yn 2022 ûndertekenen.
Deputearre Sietske Poepjes: “It Frysk moat in fanselssprekkend plak krije yn it iepenbiere libben yn Fryslân. In goede sichtberens en in soad gebrûk fan de taal fersterkje de posysje fan it Frysk. As je it Frysk oeral sjogge, dan sille je it Frysk ek gauris brûke.
De subsydzje is bedoeld foar it gebrûk fan it Frysk yn ferskate tapassingen. Bygelyks websiden, brosjueres, menu’s, plattegrûnen, produktbeskriuwingen en apps. Dit jildt ek foar it hearber meitsjen fan it Frysk. Bygelyks troch in Fryske audiotoer yn in museum, reklame-uteringen, podcasts of stedskuiers yn it Frysk. De subsydzje is boppedat yn te setten foar it oersetten fan in besteand (kommunikaasje)middel nei it Frysk troch in oersetburo. Ek de streektalen en it Stedsfrysk komme yn oanmerking foar de subsydzje.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de regeling op: https://www.fryslan.frl/fy/sichtberens-fryske-taal.
It team Taalpromoasje fan de Afûk tinkt graach mei jo mei. Foar tips en advys, mar ek hiel konkreet foar in oersetting of korreksje-putsje, nimme jo kontakt mei ynfo@afuk.frl of 058-2343070.